Feiling by Hajé

22 feb 2004 - 00:00

Itensark, sjampanjekoelers, boeken of seefdrukken fan Herman Brood. Sneon wie it allegear te krijen op de earste Hajé-feiling op it Hearrenfean. Motel-restaurant Hajé organisearre dy feiling, foar de aardichheid.

Direkteur De Jager woe it publyk 'in beleving biede', sa sei er. Feilingmaster Kees Maas ferkocht it guod, mei in soad humor. Dêr wie safolle ynteresse foar de feiling dat der foar de simmer noch in twadden komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)