Feiling fûn guod op fearboat foar hendikeptestichting

02 sep 2015 - 18:15
  • Oankomst fan de fearboat op Flylân

De opbringst fan de jierlikse feiling fan djoer guod dat passazjiers lizze litten hawwe op de fearboaten nei Skylge en Harns, giet dit jier nei de stichting Thuishaven Terschelling. De feiling smiet 5000 euro op. Thuishaven Terschelling makket him sterk foar de opfang fan bern mei in hendikep op Skylge.

It measte guod dat efterlitten wurdt op de fearboaten, giet werom nei de eigeners. Dochs bliuwt der ek in protte weardefol spul lizzen, lykas telefoans, laptops en radio's. Dat wurdt feild. Gewoan guod giet streekrjocht nei in goed doel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)