Feiling foar opknappen Aldehou

25 nov 2007 - 12:32
  • De Aldehou moat opknapt wurde

Yn Ljouwert is snein de earste feiling wêrmei't de inisjatyfnimmers hoopje genôch jild yn te sammeljen foar it opknappen fan de Aldehou yn Ljouwert. Ferskate keunstners ha jild ynbrocht. It giet ûnder oare om Jentsje Popma, Abe Gerlsma en Jerre Hakse.

Fierder wurdt der ek antyk en kuriosa feild. Fan de opbringst moat der, neist oare saken, in glêzen lift komme. De folsleine renovaasje kostet fjouwer ton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)