Feiling foar It Sailhûs yn Ealahuzen

19 apr 2015 - 15:15

Yn Ealahuzen is snein in aksjedei foar It Sailhûs foar minsken mei in beheining. Doel is om yn de takomst út it Sailhûs wei wettersportaktiviteiten te hâlden. It kasko fan it Sailhûs stiet der al. Gasthearen op de aksjedei binne kok Joop Braakhekke en polityk ferslachjouwer en siler Frits Wester.

Om jild foar de oanklaaiïng fan it hûs by mekoar te garjen wurdt in feiling hâlden. It wettersportsintrum moat takom jier de earste aktiviteiten foar minsken mei in beheining organisearje. Mei de feiling is 46.650 euro ophelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)