Feiling Berltsum jier útsteld

23 aug 2010 - 15:03

De Berltsumer Feiling dy't ein septimber hâlden wurde soe, is mei in jier útsteld. It organisaasjekomitee De Afslag fynt dat dit evenemint noch folle mear promoasje foar Berltsum betsjutte kin as se it grutter en better oanpakke. Dat slagget net as de feiling al dit jier hâlden wurdt.

De organisaasje wol ek oanslute by in al rinnend inisjatyf yn Berltsum fan de Stichting Voortvarend Berlikum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)