Feiling Bazuin: 2100 euro

31 jan 2010 - 13:21

De feilingsaksje fan de fanfare De Bazuin yn Tsjummearum hat sneon 2100 euro opsmiten. De fanfare ferkocht âlde tsjerkebanken fan de eardere grifformearde tsjerke yn it doarp.

De tsjerke is koarlyn troch de muzykferiening kocht. De fanfare wol de tsjerke brûke as oefenromte en hope mei de feiling fan de tsjerkebanken wat jild te barren foar de ferbouwing. Der waarden ek noch âlde ynstruminten feild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)