'Feiliger troch punterydbewiis'

03 mrt 2004 - 00:00

It wurdt feiliger op de Fryske diken as it punterydbewiis ynfierd wurdt. Dat seit it Regionaal Orgaan Ferkearsfeilichheid yn Fryslân, it ROF. Woansdei waard dúdlik dat sa'n rydbewiis der komt.

Foar minsken dy't mear as 30 km yn 'e oere te hurd ride, sil dit op guon plakken in strafpunt opsmite. Dat jildt ek foar minsken dy't mei in slok op ride. Wa't tefolle strafpunten hat, rekket syn rydbewiis kwyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)