Feiliger skûtsjesilen troch sjuery op it wetter

14 feb 2016 - 12:16
  • Sikke Heerschop

Sjueryboatsjes dy't op it wedstriidwetter dalik yngripe, dat liket IFKS-skipper Sikke Heerschop in goede oplossing om ûngemakken mei it skûtsjesilen sa folle mooglik foar te kommen. No is it sa dat pas nei ôfrin fan in wedstriid, troch de protestkommisje, sjoen wurdt wa't ferantwurdlik west hat foar in oanfarring.

 Neffens Heerschop giet it der net altyd earlik oan ta en bestiet de mooglikheid dat de feroarsaker fan in oanfarring der mei wei komt.

As skippers daliks de konsekwinsjes fan har silerij ûnderfine, sil it skûtsjesilen feiliger wurde, dêr is Heerschop wis fan.   

Oanfarrings

Ofrûne simmer wiene der by it skûtsjesilen ferskillende oanfarrings wêrby't meardere bemanningsleden ferwûne rekken. Sikke Heerschop sylt al 30 jier mei mar hie nei de ôfrûne IFKS-silerij syn nocht, hy twivele oft hy troch gean woe. Sa't it no liket sylt hy kommende simmer wol wer mei, mar hy wit net foar hoe lang: "Ik moat it genoegen werom fine yn it silen, as ik dat net fyn dan is it bard".  

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)