Feiliger oerstekke op Trekwei

03 sep 2004 - 11:31

Twa oerstekplakken by De Trekwei wurde feiliger. It giet om De Bûnte Hûn by De Triemen en de Tollingawei tusken it Paradyske en Kollum. Dêr komme felkleurige plato's en fytsers krije ek foarrang. Fierders wurdt de wei op ien fan de twa plakken smeller makke sadat it ferkear stadiger ride moat.

Omwenners hiene it alderleafst in fytspaad hân. De provinsje hat dat tasein foar 2005, mar dat is no noch net wis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)