Feiliger en stiller asfalt op A7 by It Hearrenfean

15 okt 2015 - 09:49
  • A7

It asfalt op de A7 tusken It Hearrenfean en De Tynje wurdt stiller en feiliger. Rykswettersteat leit fan kommende moandei oant en mei 8 novimber oer in lingte fan 9 kilometer nij 'zoab-asfalt' yn beide rjochtingen.

Nettsjinsteande dat Rykswettersteat besiket it wurk safolle as mooglik yn de jûnsoeren en nachts út te fieren, moatte automobilisten rekken hâlde mei ôfslutings en ferkearshinder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)