Feiligenskampanje 30 km-zônes

04 aug 2006 - 14:16

It regionaal orgaan ferkearsfeiligens, it ROF, set dit neijier út ein mei in grutte kampanje om 30 kilometer-zônes yn wenwiken feiliger te krijen. By guon gemeentes komme hieltyd faker klachten binnen oer auto's dy't te hurd ride yn de wiken.

Troch kampanjes te organisearjen by buertfeesten of braderyën wol it ROF de minsken bewust meitsjen fan de gefaren fan te hurd riden. Der komme ek spotsjes op radio en televyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)