Feiligens op wetter fergrutte

29 maaie 2008 - 16:55
  • De oerhanniging fan de kaart

It Antonius_Sikehûs yn Snits en rekreasjeskip De_Marrekrite wurkje gear om de feilichheid op it Fryske wetter te fergrutsjen. De Marrekrite hat alle oanlisplakken yn it bûtengebiet yn kaart brocht en nûmere.

Yn gefal fan need kinne boatsjefarders it nûmer fan it oanlisplak oan 112 trochjaan. Se binne dan goed te finen. It Antonius_Sikehûs krige tongersdei it oersjoch fan de oanlisplakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)