Feiligens by Cambuur is better

09 okt 2012 - 07:34
  • Cambuurstadion

De feilichheid by SC Cambuur is de lêste jierren behoarlik ferbettere. Dat stelt it lanlik Auditteam Voetbal en Veiligheid, dat yn opdracht fan it ministearje fan justysje ûndersyk dien hat. Oerlis tusken de belutsen partijen en foaral it ynsetten fan fancoaches hawwe fan belang west foar de rêst by de wedstriden.

Minpunt, sa skriuwt it auditteam, is de lizzing fan it Cambuurstadion, midden yn in wenwyk. Dêr komt earst gjin feroaring yn. Nijbou is noch lang net oan 'e oarder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)