Feilichheidsteam foar Droegeham?

22 aug 2003 - 00:00

Der komt mooglik in previnsjeteam yn Droegeham dat ferantwurdlik wurdt foar de feiligens om it nije jeugdhonk hinne. It kolleezje fan de gemeente Achtkarspelen ûndersiket oft sa'n previnsjeteam nedich is. It CDA kaam mei it idee foar it feilichheidsteam. Yn de gemeenteried waard der posityf op reagearre.

Minsken út it jongereinwurk, de buert en de plysje moatte plak nimme yn it team.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)