Feilichheidsmonitor yn Frysk

31 jul 2008 - 20:21

De lanlike feilichheidsmonitor sil tenei ek yn it Frysk ôfnommen wurde. It ministearje fan binnenlanske saken jout dêrmei gehoar oan it fersyk fan boargemaster Crone fan Ljouwert.

By de feilichheidsmonitor wurdt in grut tal minsken frege wat se fine fan de feilichheid yn harren omjouwing. Neffens Crone sil de respons better wêze at de minsken ek yn it Frysk antwurdzje kinne. Crone hie earder al wat kontakten lein, fandêr dat it ministearje fluch reagearje koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)