Feilichheidslinen by gemalen

21 jul 2009 - 14:34
  • Linen moatte swimmers, surfers en boatsjes tsjinhâlde

Wetterskip Fryslân hat op trije plakken yn de provinsje nije feilichheidslinen útlein. De linen mei grutte giele driuwers moatte swimmers, surfers en boatsjeminsken op ôfstân hâlde. Se lizze by it Heechlângemaal yn Starum, de spuisluzen by Dokkumer Nije Silen en de wetterynlaat Teroelsterkolk by De Lemmer.

Sadree't it Wetterskip in gemaal oanset ûntsteane gefaarlike situaasjes troch de streaming. Der wiene al linen, mar dy foldiene net langer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)