Feilichheidskontrôle yn Snits

26 jul 2001 - 00:00

De brânwacht fan Snits sil mei de kommende 'Sneekweek' hoarekagelegenheden ekstra kontrolearje. By de kontrôle, dêr't de eksploitanten fan op 'e hichte steld binne, wurdt foaral sjoen nei de feilichheid.

It giet by de kontrôles op it sjen nei flechtwegen en de oanwêzichheid fan brânblusapparaten. De eksploitanten binne ferantwurdlik foar de feiligens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)