Feilichheidshûs makket hânboek oer omgong mei betize minsken

10 feb 2016 - 18:33
  • Dakleaze

De oerlêst fan minsken mei psychyske problemen moat better oanpakt wurde. It Feilichheidshûs, in gearwurkjend orgaan fan justysje, plysje, soarchorganisaasjes en gemeenten komt mei in hânboek. Yn dit boek stean ynstruksjes hoe om te gean mei betize minsken yn de mienskip. Mar ek wa't je bygelyks belje moatte; lykas de GGZ, de GGD of de plysje.

Boargemaster Crone fan de gemeente Ljouwert hopet dat it hânboek yn alle gemeenten yn Fryslân en ek yn de rest fan Nederlân brûkt wurde sil.

Neffens Crone moat der dan lanlik noch wol it ien en oar barre, om't it te krijen hat mei de privacy fan minsken.

De plysje yn Noard-Nederlân hat de hannen fol oan betize minsken dy't problemen yn de mienskip feroarsaakje. Yn de ôfrûne fiif jier is it oantal ynsidinten troch minsken mei psychyske problemen mear as ferdûbele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)