Feilichheid Hôf wurdt oanpakt

20 jan 2004 - 00:00

De feilichheid yn Paleis fan Justysje yn Ljouwert wurdt dit jier ferbettere. De arrestante-yngong oan de achterkant is neffens de Arbeidsynspeksje net feilich foar it personiel. It Hôf wachtet net op de nijbouplannen om't dy te lang op harren wachtsje litte.

It Hôf wol in bettere húsfesting fan de kantoaren dy't yn it âlde gebou fan de wetterlieding sitte. Dêrby wurdt sjoen nei nijbou achter it Paleis, mar ek it hjoeddeiske gebou kin ferboud wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)