Feilich ride mei medisinen

27 sep 2012 - 22:18

De nije provinsjale kampanje 'Rij veilig met medicijnen' hat as doel dat der minder ferkearsûngelokken barre mei autobestjoerders dy't medisinen brûke. De kampanje is opset troch it Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid (ROF) en ek drogisterijen, rydskoallehâlders en apotekers dogge der oan mei.

Meiwurkers fan dizze bedriuwen krije op spesjale byienkomsten foarljochting oer medisyngebrûk yn kombinaasje mei autoride. Yn apoteken en drogisterijen wurde yn oktober ek folders en flyers útdield oan ferkearsdielnimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)