Feilich nei skoalle yn Akkrum

06 mrt 2013 - 21:15
  • Drompels Blunderhim
  • Brede skoalle yn Akkrum

In nij fytspaad moat derfoar soargje dat de ferkearsproblemen by de nije brede skoalle yn Akkrum foarby binne. Troch de oanlis fan it fytspaad hoege de bern net mear twa kear de drokke Boarnsterdyk oer te stekken. Ek krije se foarrang by it oerstekken fan de minyrotonde. De gemeente Boarnsterhim hat ta de oanlis fan it fytspaad besletten, neidat it doarp klage hie oer de situaasje.

Neffens de doarpsbewenners wie it bot ûnfeilich en wie it wachtsjen op ûngelokken. De ferkearskommisje fan de skoalle is wiis mei dizze oplossing.

It is op de Boarnsterdyk altyd tige drok mei ferkear dat rykswei A32 op giet. De ferkearsmaatregels dy't de gemeente Boarnsterhim earst nommen hie by de skoalle, waarden net bot wurdearre troch de Akkrumers. De rotonde is te lyts foar bussen en grutte frachtauto's. De tydlike drompels wiene fierste heech. Fytsers moasten twa kear oerstekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)