Feilich en sûn yn Fryslân

01 mrt 2007 - 19:47

Friezen fiele har feilich en sûn. Dat docht bliken út it twadde sosjale rapport fan de provinsje. Dêr stiet fan alles yn oer de sosjale kant fan Fryslân. Bygelyks oer de sûnens, de befolkingsopbou en oer de soarch foar âlderen en handikapten.

De provinsje hâldt debatten oer it rapport, mei ynwenners, bestjoerders en maatskiplike organisaasjes. Oan de hân dêrfan wurdt dan in sosjale aginda makke foar de kommende jierren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)