Fegetariërs betelje fretten kij

01 sep 2000 - 17:45

It opfanghûs foar kij yn Sânhuzen krijt hea fan It Fryske Gea. It hea, dat komt fan de Alde Feanen, is betelle troch it bûn fan fegetariërs.

It opfanghûs kin even foarút mei de jefte. De njoggen ton hea is genôch om de 43 kij yn it sintrum in moanne te fretten te jaan. It opfanghûs koe de stipe goed brûke want it besiket jild te garjen om mear lân oan te keapjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)