Feewein rydt tsjin pleats oan

10 aug 2011 - 18:15
  • Foto's: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Oan de Lauwersseewei tusken Burdaard en Rinsumageast is woansdeitemiddei in feewein tsjin in pleats oanriden. It hûs hat dêrtroch nochal wat skea oprûn.

De feewein, dy't leech wie, krige in klapbân en de sjauffeur rekke dêrtroch de macht oer it stjoer kwyt. Hy rekke yn de berm en raamde earst de iene kant fan it hûs en dêrnei in oanboud stik. Der is net ien ferwûne rekke. Tsien jier lyn hat ek alris in auto tsjin itselde hûs oan sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)