Feetwarmers wolle It Bilt rêde

30 mrt 2012 - 10:18
  • De aksjewebsite Rêd 't Bilt

De muzikanten Jan de Vries en Sjouke Feenstra fan de band The Feetwarmers begjinne in aksje tsjin in mooglike weryndieling fan It Bilt mei oare gemeenten. De twa Biltkerts hawwe de website redhetbildt.nl opset om ynwenners útlis te jaan oer wat in Noardwest-Fryske weryndieling betsjutte soe foar de Biltske taal en kultuer. De Vries en Feenstra tinke dat by in fúzje dêr folle minder omtinken foar wêze sil.

Op de aksjewebside kinne besikers ek in petysje tsjin in weryndieling tekenje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)