Feesttinte Boazum 'wyn-proof'

03 okt 2009 - 14:11

De grutte feesttinte fan festival De Nacht fan Boazum is mei betonblokken ferankere. Dêrmei moat de tinte de hurde wyn hawwe kinne. Waarman Piet Paulusma warkôget foar hurde wynstjitten. De organisaasje fan de Nacht fan Boazum hâldt it waar dêrom goed yn de gaten.

De tinte oan 'e râne fan it doarp is mei in lingte fan 120 meter grutter as in fuotbalfjild. Dêr binne optredens fan 'De Zware Jongens' en '7 op de schaal van Richter.'

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)