Feestlik jubileum SK Jachtbou

30 maaie 2014 - 06:12
  • De SK kotters yn de Houkesleat

SK Jachtbou yn Snits bestiet dit jier fjirtich jier. Om dat te fieren binne de eigeners fan mear as fyftich SK-kotters yn Snits útnoege. Dy komme út it hiele lân, mar ek út it bûtenlân. It Snitser jachtboubedriuw hat mei buorlju ôfspraken makke om alle kotters in oanlisplak yn de Houkesleat te jaan.

Der binne de kommende dagen allerhanne feestlike aktiviteiten foar de skippers yn Snits. Nei it jubileumfeest farre de kotters yn konfoai nei Drylts, dêr't de kommende wike mear aktiviteiten binne.

Eigeners fan de SK-kotters hawwe in eigen feriening oprjochte, dy't elk jier in oantal gesellige byienkomsten organisearret. De feriening mei de namme SK Vloot hat op dit stuit 58 leden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)