Feestkoar St'werf noch net fol

14 apr 2009 - 10:57

It is noch net slagge om 700 sjongers byelkoar te krijen foar it 'Feestkoor Stellingwarf 700'. It is de bedoeling dat it koar op 12 july in optreden jout op de sânflakte by Appelskea. De inisjatyfnimmers wolle 700 sjongers, omdat de Stellingwerven 700 jier bestean. It feestkoar bestiet sûnt 2007. De leden dy't sûnt dy tiid meisjonge, foarmje de basis. Der wurdt foaral socht nei sjongers en sjongeressen yn de 39 doarpen fan de Stellingwerven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)