Feestje nijbouhûs Ljouwert

04 jan 2009 - 11:54

Yn Ljouwert fiert de gemeente moandei de oplevering fan it 584ste nijbouhûs fan 2008. It giet om in appartemint yn in multyfunksjoneel sintrum yn ´e nije wyk Suderbuorren. Ljouwert bout de lêste jierren elk jier tusken de 500 en 700 huzen. Soks is fêstlein yn it gemeentlik wenplan. Foar kommend jier ferwachtet Ljouwert minder nijbou fanwege de minder geunstige ekonomy.

De feestlike oplevering wurdt moandei bywenne troch wethâlder Sluiter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)