Feestje foar radio-amateurs

02 des 2007 - 17:06

De radio-amateurs yn Fryslân holden sneon in bysûnder feestje. It Nederlânsk Net foar Europa op de 80 meter-bân hie har 14.000e útstjoering. Dat betsjut dat der al hast fjirtich jier lang alle dagen in útstjoering makke wurdt.

Twa fan de sân saneamde netlieders binne Friezen. De radio-amateurs sykje alle dagen op itselde tiidstip kontakt mei inoar fia de âlderwetske radiostjoerders en ûntfangers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)