Feestje foar 18-jierrigen

10 okt 2012 - 20:50
  • Shachar Rubin en Ids Nicolai fan de JAR

Der soe yn Ljouwert in feest en in website komme moatte foar jongeren dy't 18 jier wurde. Dat foarstel hat de Ljouwerter Jongeren Advies Raad woansdei oanbean oan de kommisje wolwêzen fan Ljouwert.

De kommisje reagearre posityf op it foarstel, mar wethâlder Thea Koster woe noch gjin jild útlûke foar in spesjaal feest foar 18-jierrigen. Wat har oanbelanget binne de jongeren tige wolkom op de nijjiersresepsje fan de gemeente. De JAR giet hoe dan ek fierder mei it plan.

It giet de organisaasje dêrby om in feestlike moeting foar alle jongeren en om it jaan fan ynformaasje oer alle saken dy't feroarje as je 18 jier wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)