Feestfierders wolle faker farre

08 mrt 2004 - 00:00

De organisator fan it earste boatfeest yn Drachten dit wykein wol dit jier faker sa'n feest hâlde. It feest is goed ferrûn en der ha him gjin gefaarlike sitewaasjes foardien.

Yn Wûnseradiel waard ferline wike in housefeest op in boat ferbean om't it te gefaarlik wêze soe. De gemeente Smellingerlân hie tastimming jûn foar ien kear, mar kin noch net sizze as se dat wer dwaan sil. De feestfierders wolle ein maaie wer it wetter op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)