Feestfersteurder is auto kwyt

08 des 2011 - 12:25

De 21 jierrige autobestjoerder út De Harkema dy't oanhâlden is foar it fersteuren fan it Sinteklazefeest yn Surhusterfean krijt syn auto foarlopich net werom. De plysje hat it ûndersyk nei de saak yntusken klear. De man ried sneon hurd en mei piipjende bannen mei syn auto oer de Kolk, wylst it dêr drok wie mei bern en har âlden.

In frijwilliger fan it Sinteklazefeest die de doar fan de auto iepen, om de bestjoerder dêrop oan te sprekken. Syn freondinne seit no dat se dêr fan skrok en dat se dêrom de doar fûl tichtluts. De man rekke doe ferwûne oan syn ear en syn fingers. Tsjin sawol de 21 jierrige man as syn freondinne is proses ferbaal opmakke en de man is dus syn auto kwyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)