Feesten op spesjale datum

12 des 2012 - 10:56
  • Jesse en Tim wurde 12 op 12-12-12
  • Trouwerij op 12-12-12
  • poppe merijn berne op 12-12-12

12-12-'12 is in bysûndere datum. Foar bern dy't woansdei 12 jier wurden binne is it spesjaal, lykas foar Jesse en Tim yn Suwâld. Yn it MCL yn Ljouwert is Merijn op dizze dei berne. Oaren gripe dizze datum oan om te trouwen, lykas Peter en Monique yn De Klinze yn Aldtsjerk. Se binne útkeazen foar in dreamtrouwerij dy't se sels net betelje kinne. Se wiene opjûn troch de Voedselbank. Yn in soad gemeenten trouwe mear breidspearen as oars op in woansdei.

Neffens numerologe Klaske Goedhart bringt dizze datum in dei fan enerzjy. Ek foar Tresoar is it in spesjale dei. It Frysk histoarysk en letterkundich sintrum yn Ljouwert hâldt woansdei iepen hûs fan 13.00 oant 21.00 oere om te fieren dat it ynstitút tsien jier bestiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)