Feesten op greide stean faai

16 apr 2005 - 15:57

It organisearjen fan doarpsfeesten, festivals en autocrosses op boerelân wurdt in stik dreger. De Rie fan Steat hat in skuttersfeest yn Diepenheim ferbean nei klachten fan omwenners.

Tenei moat by de gemeente in tydlike feroaring fan 'e agraryske bestimming oanfreegje wurde. Dat duorret lang en protest oantekenje is maklik. Dêrtoch kinne feesten faaks net trochgean. It Fryske CDA-keamerlid Atsma is benaud dat dêrtoch de burokrasy ek tanimt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)