Feesteapel ferkocht ûnder druk

05 nov 2001 - 00:00

Boer Henk Vlasma fan Eanjum hat syn nij oankochte feesteapel wer ferkeapje moatten. De eangst yn de omkriten foar tongblier hat him dêr ta brocht.

Vlasma is yn april troffen troch tongblier. By in ko fan syn nije feesteapel bestie lykwols ek it fermoeden fan de sykte, mar dat wie loas alarm. Dochs ha NLTO, in feedokter en boeren druk útoefene om it fee net komme te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)