Feest Thialf liket te slagjen

25 des 2001 - 00:00

De kaartferkeap foar it Nijjiersfeest op it Hearrenfean rint aardich. Yn in wike binne der al 400 fan de beskikbere 1500 kaarten ferkocht. Mei noch in lytse wike te gean ferwachtet de organisaasje dat it feest in soad besikers lûke sil.

It feest waard altyd organisearre troch horeka-bedriuwen, mar dy rêden dat dit jier net op. Evenemintebedriuw De Vries hat no de organisaasje oernommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)