Feest lûkt tûzenen besikers

01 maaie 2011 - 09:18

It Keninginnedeifeest by de Aldehou yn Ljouwert hat neffens de plysje sneontejûn 10.000 minsken lutsen. Op oare plakken yn 'e stêd wie it ek drok. De plysje pakte by de aktiviteiten fjirtjin minsken op foar lytsere fergripen. Faak spilen drank of drugs dêrby in rol.

By in feest yn in sintrum fan It Hearrenfean waarden twa minsken oppakt, by dat yn it sintrum fan Drachten ien. De plysje hie ekstra minsken ynset foar de feesten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)