Feest giet oer om bedrigings

31 okt 2012 - 17:03
  • It gemeentehûs fan Dongeradiel yn Dokkum

Dongeradiel hat de fergunnings fan twa feesten yn Dokkum ynlutsen fanwege bedrigings. It giet om Enjoy Friss en it Artiestenfestijn op 9 en 10 novimber. Omdat it neffens de gemeente giet it om slimme bedrigings kin de iepenbiere oarder en feilichheid op de feesten net mear garandearre wurde. Om hokfoar bedrigings it giet, wol boargemaster Waanders fan Dongeradiel net sizze omdat de saak noch by de plysje leit.

De organisaasje wie yn hannen fan it bedriuw Vedon fan Wim Beintema fan wa't earder dit jier trije bedriuwen fan fallyt gien binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)