Feest foar jongeren Boarnsterhim

14 nov 2001 - 00:00

De jongerein fan Boarnsterhim moatte troch in feestje nei de stimbus lutsen wurde. It giet om in idee fan de PvdA yn de gemeente.

It 'Jongerenidee 2002' bestiet út in persoanlike mailing oan alle 18-plussers dy't foar it earst stimme kinne. Se wurde frege om in idee yn te stjoeren foar in jongereinfasiliteit yn Boarnsterhim. Ek wurde se útnoege foar in feest.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)