Feest foar better imago wyk

15 aug 2009 - 15:51

Yn 'e Ljouwerter wyk Achter de Hoven is sneon in túnfeest dat it imago fan 'e wyk ferbetterje moat. Fjouwer jier ferlyn is de wyk opknapt. Der binne ûnder oare huzen sloopt en nije foar yn it plak kaam, mei foar in part nije bewenners.

De freze is dat de wyk wer ôfglidet. Mei it wykfeest moat dêr wat oan dien wurde. By it feest wurdt ek omtinken jûn oan it opknappen fan de foartunen yn de wyk. Sjonger Ricky jout in optreden op it feest.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)