Feest fanwege Oranjepoppe

08 des 2003 - 00:00

De berte fan it prinseske krijt op ferskate plakken yn 'e provinsje rom omtinken. By de Máximaskoalle yn Ljouwert krigen de bern in bak mei mûskes en de âlden oranjebitter. Yn it sintrum fan Drachten hingje oranje ballonnen. Op ferskate plakken lizze felisitaasjeregisters, lykas yn Snits en yn Ljouwert.

De feestlikheden duorje de hiele wike. Sa is it yn Frjentsjer kommende freed feest yn ûnder mear De Bogt fan Guné.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)