Feest en opluchting by Cambuur

12 apr 2014 - 23:05
  • Cambuurspilers fiere feest, want takom seizoen spylje se wer yn de earedivyzje

Bliidskip yn it Cambuurstadion sneontejûn nei de 4-3 oerwinning fan Cambuur op Vitesse. Trainer Henk de Jong toande him grutsk op syn ploech, dy't mei in protte dissipline de wedstriid nei har ta luts. Der wie ek ferromming by algemien direkteur Gerald van den Belt. Twa wedstriden foar de ein fan de kompetysje wit Cambuur dat de klup ek takom seizoen op it heechste nivo spilet. Dat makket it makliker om op syk te gean nei geskikte spilers. Cambuurfoarsitter Ype Smid wie ek optein.

By de Cambuurspilers wie de opluchting ek grut. Nei de wedstriid makken de fuotballers in eareronde oer it fjild om de supporters te betankjen. Keeper Nienhuis die dat yn it golfkarke fan de klup, omdat hy blessearre útfallen wie yn de wedstriid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)