Feemerk moat ferhúzje

19 maaie 2009 - 23:17

De gemeente Ljouwert is op syk nei in oar plak foar de feemerk yn de stêd. Dat sei wethâlder Henk Deinum tiisdeitejûn by in gearkomste oer de ûntwikkeling fan Ljouwert.

De gemeente en de direksje fan it WTC Expo wolle it terrein om it kongressintrum, mei it hotel en it kasino, opknappe. Sa'n nije omjouwing is net bot geskikt foar de feemerk, aldus wethâlder Deinum. Wat wol in geskikt plak foar de feehannelers wêze kin, koe Deinum noch net sizze

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)