Feemerk Ljouwert wer iepen

22 maaie 2003 - 00:00

Foar it earst nei de tongblierkrisis wurdt op 'e feemerk yn Ljouwert wer weidfee ferhannele. De hannel lei sûnt 2001 stil fanwege it risiko op fersprieding fan 'e feesykte.

De feemerk hat foar in protte jild allehanne maatregels nimme moatten en gie dêrby hast fallyt. De provinsje woe de feemerk finansjeel stypje, mar waard weromfluite troch Europa. De Fryske feekeaplju binne wakker op 't skik mei de weriepening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)