Feemerk Ljouwert ferfolge

19 apr 2007 - 15:36

It iepenbier ministearje sil de feemerk yn Ljouwert ferfolgje foar it mishanneljen fan kij. Dat hat it funksjoneel parket yn Den Haach bekendmakke. De stifting Dier en Recht die ferline jier augustus oanjefte fan mistannen op de Ljouwerter feemerk. Op in film dy't de stifting makke is te sjen hoe't kij mishannele wurde.

Dier en Recht hat ek oanjefte dien fan mishannelings op de feemerk fan Utrecht. Dy wurdt net ferfolge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)