Feemerk foldocht oan easken

01 jul 2002 - 00:00

In spannende dei wie it moandei foar de Ljouwerter feemerk. De rykstsjinst foar fleis en fee ynspektearre oft de merk oan alle easken foldie.

De feehannelers ha it hiele wykein skrept om de merk foar inoar te krijen. Nei de earste ynspeksje moast der middeis noch wat oanpast. Oan it ein fan de middei kaam it ferlossende wurd út De Haach wei: de merk kin fierder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)