Feehannel wol ferfiersferbod

13 aug 2007 - 06:47
  • as der gjin nij ferfiersferbod komt, folgje der aksjes

Der moat opnij in ferfiersferbod ynsteld wurde. Foarsitter Andries Kingma fan it feehannelssintrum Noard Nederlân praat moandei yn Den Haach oer de needsaak fan dy maatregel.

It ferbod soe nedich wêze om't nei de fersoepeling fan it ferbod freed grutte oantallen kij en keallen ynfierd binne. Dat fee komt út België en Ierlân, mar ek út East-Europeeske lânnen, dêr't gjin ferfiersferbod wie en gjin herkomstkontrôle dien is

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)