Feehâlders brûke krûden yn stee fan medisinen foar fee

19 jan 2016 - 10:17
  • Feehâlder Sjoerd Miedema en Janna van der Meer

Der komt hieltiid mear belangstelling ûnder feehâlders foar it brûken fan krûden yn stee fan medisinen om it fee sûn te hâlden. Troch it brûken fan krûden kinne boeren it gebrûk fan antibioatika tebekkringe en dat is better foar kij en minske, sizze de minsken fan it netwurk 'Vooruit met het kruid'.

Tiisdeitemiddei is yn Velp in sympoasium oer krûden yn de feehâlderij by hegeskoalle Van Hall-Larenstein. Neffens lektor duorsume feehâlderij Wiepk Voskamp is de belangstelling foar dit sympoasium tige grut.

Proefprojekt yn Fryslân

De hegeskoalle wol ek úteinsette mei in proefprojekt yn Fryslân om sa ek wittenskiplik oan te toanen dat krûden by it bestriden fan guon krupsjes by it fee likegoed wurkje kinne as tradisjonele medisinen. 

Feehâlderij Miedema fan Haskerdiken is ree om sa'n proefprojekt út te fieren. Op dizze pleats wurde sûnt 1 jannewaris dit jier gjin antibioatika mear brûkt. Neffens feehâlder Sjoerd Miedema biede krûden foar in soad feesykten in goed alternatyf. Sa wurdt de sykte mastitis (jaarûntstekking) bestriden mei mintsalve. 

Dochs kin de kar om gjin antibioatika betsjutte dat it bedriuw wolris in ko of keal ferliest, dat it mei antibioatika wol oprêden hie. De pleats is dwaande om om te skeakeljen nei biologyske feehâlderij.  

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)