Feeferbetteringsbedriuw by Dairy Campus yn Ljouwert

02 des 2014 - 20:13
  • Kij yn 'e greide

Feeferbetteringsbedriuw CRV ferhuzet nei Ljouwert. It bedriuw sit op dit stuit noch yn Terwispel, mar komt nei de haadstêd om tichteby de Dairy Campus te sitten. Ek wurdt it laboratoarium, dat no noch yn Oerisel sit, nei Fryslân helle. CRV keapet grûn fan de provinsje om in nij grut kompleks te bouwen foar goed 300 kij by de Werpsterhoeke.

De gemeente Ljouwert en de provinsje binne wiis mei de komst fan it bedriuw nei Ljouwert. Neffens harren fersterket it de posysje fan de Dairy Campus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)